Fúzje opfanghuzen giet net troch

10 nov 2005 - 15:39

De fúzje túsken de ynstellings Blijenhof, Den Eikelaar, De Vleugel en Limor, giet net troch. De organisaasjes op it mêd fan de opfang fan dak- en thúsleazen ferskille te folle fan elkoar om yn elkoar op te gean, sa seit wurdfierder Storm fan Limor.

It giet om ferskillen yn fisy en kultuer. Dy ferskillen binne sa grut, dat in fúzje foarearst gjin reële opsje is, seit Storm. De organisaasjes sille yn de takomst wol gearwurkjen bliuwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)