Fúzje Nuon en Essent ôfketst

31 aug 2007 - 13:46
  • provinsje is bliid dat de fúzje fan Nuon en Essent foarearst fan de baan is

De provinsje is bliid dat de fúzje tusken enerzjybedriuwen Nuon en Essent foarearst fan de baan is. Dat waard freed bekend.

Op it provinsjehûs wienen in soad fragen oer de gefolgen fan de fúzje foar de wurkgelegenheid op de kantoaren yn Ljouwert. Ek wie ûndúdlik wat der mei de klanten barre soe. En de provinsje hat oandielen yn NUON en it wie ûndúdlik wat dy nei in fúzje wurdich wêze soenen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)