Fúzje muzyk- en dûnsskoalle

01 des 2001 - 00:00

De Opsterlânske muzykskoalle en de muzyk- en dûnsskoalle yn Schoterwerven sille op 1 jannewaris fusearje. De fúzje hat gjin gefolgen foar de 70 meiwurkers fan beide skoallen.

Ek de beide direkteuren, Bosklopper en Van der Sluis, bliuwe yn funksje. Reden foar de fúzje is dat men better ynspylje wol op takomstige ûntwikkelings yn it muzyk- en dûnsûnderwiis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)