Fúzje moat ûndersyk ôfwachtsje

18 jul 2008 - 17:28
  • ûndersyk nei fúzje suvelkonserns

It duorret noch wol fjouwer moannen foardat Friesland Foods en Campina witte oft de fúzje trochgean kin. Dan jout de Europeeske Kommisje dúdlikheid oer in ûndersyk dat eurokommissaris Neelie Kroes tongersdei oankundige. Sy hat grutte fraachtekens by de fúzje om't de prizen fan de suvelprodukten mooglik opdreaun wurde.

Friesland Foods en Campina meitsje har gjin soargen oer de fraachtekens. De útkomst fan it ûndersyk wurdt 24 novimber ferwachte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)