Fúzje kostet 1000 euro de man

10 mrt 2010 - 09:50

De fiif Súdwestehoeke-gemeenten dy't op 1 jannewaris fusearje rekkenje der op dat it ynpassen fan har personiel yn de nije gemeente sa'n tûzen euro de man kostje sil. It jild is ûnder oare bedoeld foar opliedingen en trainingen en foar begelieding by it finen fan in baan yn de nije organisaasje.

By de fiif gemeenten wurkje meielkoar 823 minsken. It grutste diel fan har is yn tsjinst fan de gemeente Snits. Fierder giet it om Boalsert, Nijefurd, Wûnseradiel en Wymbritseradiel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)