Fúzje korporaasjes tichterby

30 maaie 2005 - 10:20

Fjouwer wenningkorporaasjes yn Fryslân kinne noch dizze hjerst fuseare. De belutsen gemeenten ha dêr tastimming foar jûn. Dat is in wichtige stap yn it fúzje-proses.

It giet om de korporaasjes Optimaal yn Frjentsjerteradiel, Haskerland yn Skarsterlân, Patrimonium yn Snits en Arqin op it Hearrenfean. Se wurkje al trije jier gear. De nammen bliuwe bestean, de oerkoepeljende organisaasje krijt de namme Accolade mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)