Fúzje hânbalferienings

27 mrt 2008 - 12:31

De hânbalferienings HV Stiens en SGK '47 út Sint Anne sille mei yngong fan takom seizoen fierder as ien feriening ûnder de namme Friese Handbal Combinatie, FHC. De fúzje tusken beide ferienings siet der al in skoft oan te kommen en is no troch de leden befêstige.

Stiens hat sa'n 150 leden. By Sint Anne spylje sa'n 20 hânballers. It earste manljusteam fan Stiens spilet yn 'e lanlike haadklasse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)