Fúzje Gaswacht en Energiewacht

11 des 2009 - 14:34

De Gaswacht op De Gordyk en Energiewacht Groep út Zwolle wolle fusearje. De fúzje soe yn april yngean moatte. Doel is mear klanten en mear ferwaarmingsapparatuer ferkeapje. Ek wolle de bedriuwen kosten besparje en de finansjele risiko's spriede.

It haadkantoar fan it nije bedriuw komt yn Meppel. Der bliuwt wol in regionale festiging op De Gordyk. It nije bedriuw hat in omset fan 26 miljoen euro, 220 meiwurkers en 200.000 klanten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)