Fúzje foar Douwe Egberts

07 maaie 2014 - 14:33

Douwe Egberts en de Amerikaanske brânzjegenoat Mondelez sille fusearje. It nije bedriuw sil Jacobs Douwe Egberts hite en him fêstigje yn Nederlân. Troch de fúzje ûntstiet in kofjeprodusint mei in jieromset fan goed 5 miljard euro. Mondelez krijt 5 miljoen euro foar de fúzje en hâldt in belang fan 49 prosint. De oare 51 prosint is yn hannen fan de Dútske ynvestearder J.A. Benckiser dy't foarich jier Douwe Egberts fan de beurs helle. De fúzje hat gjin gefolgen foar de wurkgelegenheid. Mondelez is bekend fan merken as Jacobs en Carte Noir.

De fúzje hat gjin gefolgen foar de fêstiging op De Jouwer. It wurdt mei de gearwurking yn ien kear it grutste puere kofjebedriuw fan de wrâld.

De woartels fan DE lizze op 'e Jouwer. Yn 1753 iepene Egbert Douwes syn winkel dêr. Yn 1978 kaam DE yn hannen fan it Amerikaanske Sara Lee, dat de kofje- en teedivyzje yn 2012 as selsstannich bedriuw nei de beurs brocht. Dêr waard it amper in jier letter fuortkocht troch J.A. Benckiser.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)