Fúzje fiskôfslaggen

21 des 2012 - 10:53
  • It gebou fan 'e fiskôfslach yn de haven fan Lauwerseach

De fiskôfslaggen fan Harns en Lauwerseach geane fan 1 jannewaris ôf meiïnoar fierder. Se ha dêrfoar in nije fisk- en garnale-ôfslach oprjochte, ûnder de namme International Seafood Auctions BV. De ûntwikkelingen yn de sektor binne mear en mear rjochte op gearwurking. Sa wurkje de garnalefiskers al gear fia de fiskersferienings yn Harns en Lauwerseach. De ôfslaggen yn Harns en Lauwerseach binne beide spesjalisearre yn garnalen. Dat spesjalisme wurdt no bondele en breder makke.

Troch de strategyske lizzing fan beide ôfslaggen kin de merk ek effinsjenter betsjinne wurde, is de ferwachting.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)