Fúzje fiskôfslach Harns mei Urk

09 maaie 2005 - 22:23

De fiskôfslaggen fan Harns en Urk wolle per 1 jannewaris 2006 fusearje. Sa krije Harns en Urk fyftich prosint fan de Nederlânske merk yn hannen.

Om't it net goed giet mei de fiskerij moatte der fiskôfslaggen ferdwine. De omset yn Urk gie yn it earste fearnsjier noch wol mei 1% omheech, mar yn Harns rûn dy mei in tredde werom yn fergelyk mei deselde perioade yn it ferline jier. De ôfslaggen hoopje troch de fúzje goedkeaper wurkje te kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)