Fúzje fan Lawei en Meldij

16 jan 2013 - 17:10
  • Lawei-makette

It kolleezje fan Smellingerlân wol nochris 600.000 ekstra euro stekke yn de nijbou fan De Lawei en de Meldij. It ekstra jild wurdt brûkt om it nije gebou enerzjysuniger te meitsjen. Opteld by oare maatregels moat der sa in kwart minder enerzjy ferbrûkt wurde. Ek wurdt oan de gemeenteried jild frege om de organisaasjes achter de skouboarch en it muzykûnderwiis fusearje te litten.

Dat bart op fersyk fan de Lawei en de Meldij sels. Allinnich de Lawei bliuwt oer, al bliuwt de 'merknamme' de Meldij wol bestean.

De twa organisaasjes sitte no al tsjin elkoar oan, mar yn de foarnommen nijbou giet dat noch in stap fierder. It beslút fan beide direktsjes hat dan ek alles te krijen mei dy nijbou troch de gemeente Smellingerlân. Direkteur Stef Avezaat fan de Lawei ferwachtet better mei de kosten út te kommen troch dizze oplossing sadat der mear jild nei kulteur giet. Avezaat ferwachtet sa ek it maksimaal oantal arbeidsplakken te behâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)