Fúzje De Friesland-Achmea

23 sep 2010 - 11:28
  • Foto: Omrop Fryslân

De Friesland Soarchfersekerder giet fierder ûnder de flagge fan Achmea. Mei yngong fan 1 jannewaris is de fúzje in feit. De Friesland krijt by Achmea in prominint plak mei in eigen fersekerdenried, Ried fan Bestjoer en Ried fan Kommissarissen.

Under de nije divyzje fan De Friesland wurde ek de soarchfersekeringen fan 'e FBTO ûnderbrocht. Dêrtroch komt De Friesland aanst foar de belangen fan 680.000 fersekerden op. Der sille gjin twongen ûntslaggen falle troch de fúzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)