Fúzje boerebûnen útsteld

02 jul 2004 - 15:39

De fúzje fan lânbou-organisaasjes NLTO, GLTO en WLTO is op 'e nij útsteld. De fúzje hie begjin july syn beslach krije moatten, mar dat giet oer. Dat komt omdat de noardlike stânsorganisaasje NLTO yn Drachten it net iens is mei it finansjele ferhaal. De NLTO is benaud dat de fúzje tefolle jild kostje sil.

Fierdere gearwurking soe der krekt foar soargje moatte dat der effisjinter en goedkeaper wurke wurdt. Moandei wurdt der fierder praat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)