'Fúzje better foar Lemsterlân'

16 feb 2009 - 10:48

Lemsterlân komt yn problemen as de gemeente selsstannich bliuwt. Dat kin allinnich oplost wurde troch te fusearjen mei Gaasterlân-Sleat en Skarsterlân. Dat skriuwe de topamtners fan Lemsterlân yn in brief oan de ried. Lemsterlân wurket no in soad gear mei gemeenten yn de Súdwesthoeke.

As dy yn 2011 fusearje ferfalle dy ferbannen en moat Lemsterlân sels bygelyks in sosjale tsjinst opsette. Neffens de amtners kin soks allinnich troch in soad minsken yn te hieren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)