Fúzje by berne-opfang Ljouwert

14 des 2012 - 16:45

Twa organisaasjes foar berne-opfang yn Ljouwert smite de lapen gear. It giet om de Stichting Kinderopvang Leeuwarden en Sinne Peuterspeelzalen, Opvoedingsondersteuning en Kinderopvang. Dat hawwe de direksjes freed bekend makke.

Beide organisaasjes falle ûnder de Wet Berne-opfang en se biede beide foarskoalske en betiidskoalske edukaasje foar bern tusken de nul en de fjouwer jier. De fiergeande gearwurking soe takom jier syn beslach krije moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)