Fúzje basketbalklups Ljouwert

23 jul 2014 - 12:05
  • Aris Ljouwert

De leden fan de basketbalklups Aris en De Groene Ster binne akkoart mei in fúzje. Beide Ljouwerter basketbalklups geane fan dit seizoen ôf fierder ûnder de namme BV Leeuwarden. It earedivyzjeteam fan Aris bliuwt noch wol twa jier ûnder de namme Aris Leeuwarden spyljen. Alle teams krije in nij shirt. Doel fan de fúzje is om in sterke feriening te krijen, dêr't elk op syn eigen nivo spylje kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)