Futsal: It Hearrenfean ferliest

19 mrt 2005 - 12:19

De sealfuotballers fan Hearrenfean/Koningshof hawwe mei 8-4 fan Carillon Boys út Beverwyk ferlern. De Feansters hâlden de Beverwikers oant flak nei de rust by. Dêrnei gie it mis.

Troch it ferlies komt degradaasje út de earedivyzje wer tichterby. Want Carillon Boys wie ien fan de ploegen dêr't punten fan pakt moatte. It Hearrenfean bliuwt, mei noch fiif wedstriden op it program, lêste mei 14 punten út 21 wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)