Futsal: Hearrenfean ferliest

16 okt 2004 - 14:17

De sealfuotballers fan Hearrenfean ha freedtejûn kansleas fan Ter Beek út Amsterdam ferlern. Nei in rêststân fan 6-3 ferlearen de Friezen úteinlik mei 10-3. De Feansters ha dit seizoen noch mar ien kear wûn.

Grutte man by de Amsterdammers wie Jermaine Vanenburg, in neefke fan de bekende âld-fuotballer fan Ajax en PSV, Gerald Vanenburg. Hy skoarde net allinnich in pear kear, mar rette ek ferskate treffers knap ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)