Futsal: Avanti wint fan Hoekje

13 nov 2004 - 09:48

Yn de earste divyzje fan de earste klasse fan it sealfuotbal wist Avanti út Stiens nei in rige fan minne resultaten einlik wer ris te winnen. Tsjin 't Hoekje út Oldenzaal, dat ûnderoan stiet, waard it nei in rêststân fan 3-1 úteinlik 7-2.

Avanti stiet no op tsien punten en hâldt dêrmei oansluting mei de ûnderein fan de middenmoat. Nije wike binne de Stienzers frij. De sealfuotballers fan Hearrenfean wiene freedtejûn frij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)