Fûstslach yn Boalserter kroech

03 mrt 2013 - 12:14
  • Geweld

In man (21) út Parregea is sneontenacht mishannele yn in kroech yn Boalsert. In Boalserter (20) siet yn it kafee mei ien te praten en waard dêrby hieltyd lestich fallen troch de Parregeaster. Dy bemuoide him mei it petear en woe net fuortgean, ek al hie de Boalserter him dat in pear kear frege.

De man út Boalsert hie op it lêst skjin syn nocht fan it gedrach en joech de Parregeaster in fûstslach yn it gesicht. De Boalserter is foar fierder ûndersyk fêstset. De Parregeaster moast foar behanneling nei it sikehûs en de toskedokter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)