Furdjel Narsingh nei Cambuur

28 maaie 2014 - 16:13
  • Furdjel Narsingh nei Cambuur

Sportklup Cambuur hat Furdjel Narsingh oernommen fan PEC Zwolle. De 26-jierrige fleugelspits hat in kontrakt foar in jier tekene by de klup út Ljouwert, mei in opsje foar noch in jier.

Furdjel Narsingh is de âldere broer fan âld-Hearrenfeanspiler Luciano Narsingh. It kontrakt fan Narsingh by PEC Zwolle rûn ôf. Cambuur hoecht dus gjin transfersom te beteljen. Furdjel Narsingh is de fyfde fersterking foar Cambuur.

Earder kontraktearre de klup Etiënne Reijnen (AZ), Calvin Mac-Intosh (Telstar), Sander van de Streek (Vitesse) en Berend Schootstra út de jeugd fan SC Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)