Furdgum krijt in seaddehûs

20 jul 2012 - 10:54

Oer in moanne begjint yn Furdgum de bou fan in replika fan in 8ste ieusk seaddehûs. Ut opgravings is ûngefear bekend hoe't de huzen op de terpen yn Fryslân der 700 nei Kristus útseagen. It wurdt 4,5 meter breed en 15 meter lang.

It seaddehûs moat in nije attraksje wurde foar it archeologysk stipepunt. It is ek in nijsgjirrich eksperimint foar archeologen. Sa moat dúdlik wurde hoe't sa'n hûs boud waard en hoelang oft it yn waar en wyn stean bliuwt. Foar de bou wurde noch frijwilligers socht.

Nei alle gedachten sil de bou trije moanne yn beslach nimme. De seadden wurde stutsen op it Noarderleech by Hallum. Archelooch Daniël Postma is dwaande mei promoasje-ûndersyk nei de seaddehuzen. Dêrfoar hat hy ûnder oare yn Skotlân en Yslân west om de tradisjonele bou fan seaddehuzen te ûndersykjen. Hy wol graach in oprop dwaan. Want foar de bou wol hy neffens de âlde tradysje ek in bou-offer bringe. Foarhinne waarden bygelyks potten mei iten yn de ûndergrûn dien, of der waard in offer ynmitsele. As jo in idee hawwe foar in moderne fariaasje op dit tema, stjoer dit dan nei zodenhuis@gmail.com.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)