Furdgum hat in seismomjitter

29 jan 2009 - 11:46
  • De oankomst fan ´e seismometer op it hiem fan bouboer Melle Rienks

Yn Furdgum is tongersdei de earste seismomjitter fan it KNMI de grûn yn gien. Dat apparaat mjit de kommende tsien jier de trillings yn de grûn.

It inisjatyf komt fan aksjegroep Willem Beton. De aksjegroep tinkt dat in protte huzen yn Noardwest-Fryslân skuorren yn de muorre hawwe troch sâltwinning. Ek yn Winaam en Sweins komme seismo-mjitters. De earste risseltaten fan de mjittings komme oer goed trije moanne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)