Fuotgongersbrêgen Flylân derút

25 sep 2009 - 19:48

De fuotgongersbrêgen fan de feartsjinst yn Harns en op Flylân binne fan sneon ôf tydlik bûten gebrûk. De minsken moatte no fia de autobrêge de boat op. Rykswettersteat konstatearre freed dat de kabels dêr't de brêgen oan hingje net mear oan alle easken foldogge.

De brêgen binne út foarsoarch bûten gebrûk steld. Der hat gjin gefaar west foar de passazjiers, omdat de kabels der allinnich foar binne om de brêgen op en del te heljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)