Fuotbalútslaggen neikompetysje

22 maaie 2004 - 00:00

De wedstriid PKC '83 - Ljouwerter Sweltsjes is sneontemiddei einige yn 3-2. PKC spile in bettere wedstriid as de Sweltsjes en hie ek de measte kânsen. Ek oan de kant fan de Sweltsjes wiene der kânsen. It seizoen sit der no op foar de Sweltsjes.

Hurdegaryp - Bûtenpost is 2-1 wurden. Hurdegaryp bliuwt no yn de 2e klasse en Bûtenpost yn de 3e klasse. CVVB - Nijlân is einige yn 1-0. Erik Talens sette CVVB op foarsprong.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)