Fuotbalskoalle wreidet út

20 jun 2009 - 15:07

De fuotbalskoalle Noord fan Henk de Jong sil útwreidzje. Neist de besteande festigings yn Ljouwert, Drachten en Jobbegea komme der yn septimber skoallen yn Snits, Easterwâlde en De Like (Grinslân).

Ferspraat oer de trije partikuliere fuotbalskoallen binne der no 400 dielnimmers fan 46 ferskate klups. Se krije begelieding fan profesjonele trainers. Arjen Hoekstra giet yn Snits oan de slach, Theo Los yn Easterwâlde en Johan Wardenier yn De Like.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)