Fuotbalskoalle iepene

30 sep 2009 - 16:33
  • Bern krije fergees fuotbaltraining

Bern út de Ljouwerter achterstânswyk Heechterp/Skieringen kinne fergees nei in fuotbalskoalle. Se krije trainingen fan âld-Hearrenfeanfuotballer Marc van Eijk. Woansdei wie de iepening. Bern fan de basisskoalle út de wyk kinne alle woansdeimiddeis traine op it Cruijff Court. It projekt wurdt mei betelle troch de gemeente Ljouwert.

Takom jier wurdt besjoen oft der genôch animo is om in jeugdôfdieling op te setten by fuotbalklup Flamingo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)