Fuotbalrellen foarkommen

18 aug 2007 - 14:02

De plysje hat freedtejûn yn Hearrenfean in rúzje tusken twa groepen fuotbalsupporters foarkomme kinnen. Foar it begjin fan de wedstryd Hearrenfean - Willem II drigen twa groepen supporters meiïnoar op de fûst te gean. It gie om sa'n 40 supporters út Tilburg en sa'n 60 Fean-supporters.

Tsien plysjes koene mei de wapenstok en de ynset fan twa plysjehûnen foarkomme dat de situaasje út de hân rûn. Dêrnei bleau it rêstich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)