Fuotballers moatte foarbyld jaan

18 feb 2006 - 14:11

Reyntegraasjeburo Fourstar út Drachten is fan doel âld-fuotballers fan Cambuur yn te skeakeljen by learwurkprojekten foar jongerein yn Ljouwert. De fuotballers soene as in soart wurkmasters de jonges en famkes begeliede moatte. It giet om jongeren dy't harren skoalle net ôf makke ha en gjin baan fine kinne of wolle.

Hokker âld-Cambuurspilers by it projekt belutsen wurde, is noch net krekt wis. Yn april moat it projekt úteinsette.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)