Fuotballers kinne wer terjochte by Soccerdome op It Fean

12 nov 2015 - 17:47

Fuotbalhal Soccerdome op It Hearrenfean is fan freed ôf wer offisjeel iepen. Dat lit de eigener witte. Soccerdome sil gearwurkje mei Sportstêd Hearrenfean. Dêrtroch mei de hal wer iepen.

De gemeente Hearrenfean woe earder gjin fergunning ôfjaan, om't it oerkape fuotbalpark op in yndustryterrein sit. Dat soe neffens de gemeente net passe by it bestimmingsplan. No't der gearwurke wurdt mei Sportstêd Hearrenfean, giet de gemeente oerstaach.

Soccerdome is bliid dat de doarren wer iepen meie flak foar de kâlde tiid fan it jier.

In soad fuotbalklups komme winterdeis nei de hal as der net op de fjilden spile wurde kin. Takom moandei ljochtsje de belutsen partijen de gearwurking fierder ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)