Fuotballers betelje yn Smellingerlân de measte kontribúsje

23 jan 2016 - 07:00

Fuotballers yn de gemeente Smellingerlân betelje yn Fryslân gemiddeld de measte kontribúsje. Dat docht bliken út in ûndersyk fan Omrop Fryslân en de Leeuwarder Courant ûnder alle 169 Fryske amateurklups. De ferskillen rinne bot útein: tusken de djoerste en de goedkeapste fuotbalklups sit yn ien jier hast 200 euro. Yn Smellingerlân sitte seis fan de acht klups boppe it Fryske gemiddelde, dat leit op 170 euro foar senioaren en 108 euro foar jeugd.

Dy gemiddeldes binne yn de ôfrûne tsien jier mei sa'n 50 persint omheech gong.

Moandei op radio, telefyzje en ynternet mear oer de útkomsten fan in wiidweidich ûndersyk nei de kontribúsjes by Fryske fuotbalklups.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)