Fuotballer mishannele

23 sep 2014 - 16:32
  • VV Nijskoat op sportpark De Greiden It Hearrenfean

In 14-jierrige jonge fan It Hearrenfean is moandei mishannele op it Kingcollege in syn wenplak. Dat barde nei oanlieding fan in fuotbalwedstriid tusken DWP B1 út Sint-Jânsgea en Nijskoat B1. De wedstriid rûn sneon út op in skoppartij. It slachtoffer, in spiler fan DWP, soe doe al bedrige wêze. 'We gaan je pakken op school', waard sein. Moandei hat de dieder syn wurden op skoalle wier makke.

De jonge sit thús mei in harsenskodding en skea oan de jokbonke. Der wurdt foarearst gjin oanjefte dien, omdat it probleem op skoalle oplost wurdt.

Beide fuotbalferienigings stelle in eigen ûndersyk yn en woene noch net reagearje. Fuotbalbûn KNVB lit witte dat de jonge noch skorst wurde kin, nettsjinsteande dat de wedstriid al in pear dagen lyn is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)