Fuotballer Hoeksma (27) stoarn

30 jan 2004 - 00:00

De 27-jierrige sealfuotballer André Hoeksma út Feanwâlden is tongersdei ferstoarn. Hoeksma wie spiler fan Fryske Boys út Kollumersweach. Hy kaam by it Midwintercup-toernoai fan 17 jannewaris yn botsing mei de keeper fan de Ljouwerter fuotbalklub FVC.

Hy foel dêrtroch mei de holle op 'e grûn en is mei swiere ferwûningen oerbrocht nei it sikehûs. Hoeksma rekke yn koma en is tongersdeitejûn yn it akademysk sikehûs yn Grins ferstoarn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)