Fuotbalkoai 22.00 oere ticht

08 maaie 2013 - 10:51
  • Fuotbal

De nije fuotbalkoai oan de Krijn van den Helmstrjitte yn Ljouwert is tenei jûns nei tsienen net mear tagonklik. De koai yn de Ljouwerter Frijheidswyk wurdt te faak brûkt troch jongeren dy't der dan net fuotbalje, mar allinnich mar wat omhingje. De gemeente hinget no buordsjes op, om oan te jaan dat de koai nei 22.00 oere ferbean gebiet is. De plysje kin dan eventueel optrede, as it nedich is.

Ek it gebiet om de fuotbalkoai hinne is fan jûns tsien oere oant moarns 7 oere ferbean gebiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)