Fuotbalklups frege nei 'Haren'

02 nov 2012 - 14:40
  • Rellen Haren

De plysje benaderet alle amateurfuotbalklups yn it Noarden, fanwege de rellen yn Haren yn septimber. De plysje hopet dat de klups har leden freegje om har te melden as se wat witte oer minsken dy't belutsen west ha by dy rellen.

Neffens de plysje binne der gjin konkrete oanwizings dat in soad relskoppers lid binne fan in fuotbalklup. It makket allegear diel út fan it algemiene ûndersyk. De plysje wol safolle mooglik minsken benaderje en neat útslute. De KNVB hat de plysje de mailadressen fan de klups jûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)