Fuotbalklup rout om dea Redmar

20 apr 2010 - 10:46

Yn ferbân mei de dea fan Redmar Smedema sille de aktiviteiten by de Burgumer fuotbalklup BBC/BCV de hiele wike in sober karakter ha. Dat is moandei besletten yn in gearkomste fan leden fan de BBC jeugdkommisje en it bestjoer. De 16-jierrige Smedema wie bot aktyf by de fuotbalklup.

De treningen en wedstriden fan woansdei geane net troch. Yn it plak dêrfan komt der in sletten praatjûn mei leden en âlders fan bern dy't yn A1, B1, D3 en E3 spylje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)