Fuotbalklup ONS Boso Snits krijt maatskiplik label

13 mrt 2015 - 20:26
  • O.N.S. BOSO Snits

Fuotbalklup ONS Boso Snits hat it Meer dan Voetbal-label krigen. ONS krijt dy ûnderskieding omdat de klup bot aktyf is yn de mienskip. Sa wurde minsken dy't al in skoft sûnder wurk sitte, belutsen by it wurk fan ONS en krije jongeren de kâns om der staazje te rinnen.

ONS set him ek yn foar KIKA. It label wurdt útjûn troch de stichting Meer dan Voetbal, dy't opset is troch de KNVB en de eare- en earste divyzje. De stichting helpt klups om maatskiplik aktyf te wurden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)