Fuotbalgolf by Aldemardum

17 feb 2011 - 13:12

By Aldemardum kin aansen oan fuotbalgolf dien wurde. Op rekreaasjeterrein De Hege Gerzen oan de râne fan 'e Iselmar lit ûndernimmer Sjerk Jaarsma in baan oanlizze. Dy moat yn april klear wêze.

Fuotbalgolf is in kombinaasje fan fuotbaljen en golf. De bal moat yn sa min mooglik skotten yn in tal holes op in parkoers sketten wurde. Yn Dútslân, Denemarken en Sweden is fuotgolf in raazje. Yn Grinslân wurdt ek oan fuotgolf dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)