Fuotbalgearwurking yn Boalsert

15 aug 2003 - 00:00

De Boalserter fuotbalclubs Bolswardia en CAB wolle yntensyf gearwurkje. Omdat it hieltiten dreger wurdt om goeie en komplete teams op it gers te krijen wolle de twa clubs harren jeugdteams opgean litte yn ien nije jeugdclub. De gearwurking moat wer sterke Boalserter jeugdteams opsmite.

Mei de oprjochting fan in nije jeugdclub wolle de fuotbalferienings de konkurrinsje mei de sportskoalle oangean en mear jongerein lûke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)