Fuotbalfroulju VIOD kampioen

14 apr 2012 - 14:17
  • Amateurfuotbal

De fuotbalfroulju fan VIOD Driezum binne sneontemiddei kampioen wurden yn de lânlike earste klasse. De froulju wûnen mei 2-0 fan HTC Zwolle en binne dêrtroch net mear yn te heljen troch de rest. Yn Zwolle hie VIOD gjin muoite mei de nûmer 3 HTC. Binnen in healoere sette Grytsje Jongsma de Driezumers op foarsprong, wêrnei't Linda Visser yn de twadde helte tekene foar de einstân.

Mei it beheljen fan de titel spylje de froulju takom seizoen yn de lânlike haadklasse. It heegste nivo yn it amateurfuotbal foar froulju.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)