Fuotbalfroulju út kompetysje

17 jan 2007 - 10:37

It frouljusteam fan Hearrenfeanse Boys hat him weromlutsen út de Earste Klasse. De fuotbalploech kin faak gjin represintatyf alvetal opstelle en hat gauris te meitsjen mei ôfmeldings. Dêrneist wolle se net hieltyd spylsters oproppe fan it twadde.

Nêst Hearrenfeanse Boys spylje ONS Snits en Be Quick Dokkum ek yn de Earste Klasse B. Alle útslaggen fan de ploech út Hearrenfean ferfalle. Benammen ONS profitearret dêrfan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)