Fuotbalfroulju SC Hearrenfean ûnderút yn Den Haach

23 jan 2015 - 22:11
  • Fuotbalfroulju SC Hearrenfean

De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean ferlearen freedtejûn mei 4-1 fan ADO Den Haag. Yn Den Haach kamen de Feanfroulju al betiid yn de wedstriid op efterstân. Nei in healoere spyljen stie der in 2-0 stân op it boerd yn it foardiel fan de thúsploech. Op slach fan rêst wie it op 'e nij ADO dat it fizier op skerp hie en foar in 3-0 foarsprong by it skoft tekene.

Yn de twadde helte mocht Tiny Hoekstra wat weromdwaan foar de Feanster froulju. Sy tekene foar it ienige Fryske doelpunt. Mei noch in kertier te gean sette ADO de einstân op it boerd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)