Fuotbalfroulju SC Hearrenfean ferlieze mei 3-0 fan FC Twente

25 sep 2015 - 21:50

De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean hawwe freedtejûn nettsjinsteande goed fuotbal yn Hengelo mei 3-0 ferlern fan FC Twente. De Tukkers kamen betiid yn de wedstriid op in 1-0 foarsprong út in hoekskop. Nei in healoere stie it al 2-0. Hearrenfean socht dêrnei de oanfal en hie ek meardere kânsen, mar miste hieltiid krekt. Fiif minuten foar de ein fan de wedstriid makke Twente de 3-0.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)