Fuotbalfroulju Oranje winne oefenynterlân fan Japan

29 nov 2015 - 18:24
  • Sherida Spitse yn aksje foar Oranje

De fuotbalfroulju fan it Nederlânsk alvetal, mei dêryn Vivianne Miedema en Sherida Spitse, wûnen snein de oefenynterlân tsjin Japan mei 3-1. Op in winich sportfjild yn Volendam pakten de Oranje Leeuwinnnen al nei 4 minuten de foarsprong troch in treffer fan Lieke Martens. In kertier letter stie ek de 2-0 op it boerd troch Manon Melis.

Fuort nei rêst makke Japan de oanslutingstreffer en wie de spanning werom yn de wedstriid. Mei noch in kertier te gean tekene Melis mei in strafskop foar de einstân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)