Fuotbalfjild swier fersmoarge

19 jul 2012 - 12:05

Der leit lead, sink en koper ûnder it eardere trainingsfjild fan Heerenveense Boys, dat hat ûndersyk fan de GGD Fryslân útwiisd. De skealike stoffen komme út in ûnderlaach dy't yn de jierren 60 oanbrocht is. Neffens de GGD hawwe de fuotballers gjin gefaar rûn, omdat de stoffen allinne skealik binne as der in soad fan ynnaam wurdt.

It fjild wurdt de kommende tiid ôfgroeven, dêrnei wurdt der in keunstgêrsfjild fan makke. De fuotballers en omwenners binne yntusken op 'e hichte brocht fan de sitewaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)