Fuotbalfjild SC Hearrenfean skoart goed

23 des 2014 - 16:32

It fjild fan SC Hearrenfean skoart in stik better yn de fuotbalfjildekompetysje as ferline jier. Doe stie it Feanster fjild op it 14e plak. Dit jier op it sechsde. Dat komt omdat der dit jier in nije gersmatte yn it stadion lein is. Ek wurdt der alles oan dien om it fjild goed te hâlden. Der hingje sels lampen boppe it fjild om it gers groeie te litten.

It fjild fan De Kuip yn Rotterdam stiet op nûmer ien. De list wurdt gearstald op basis fan beoardielings fan de oanfierders fan de gastteams, dy't it fjild nei eltse wedstriid beoardiele.

It keunstgersfjild fan SC Cambuur einiget op it 14e plak en wurdt dêrmei lykas oare keunstgersfjilden leech wurdearre troch fuotballers. It minste fjild is dat fan ADO Den Haag.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)