Fuotbalfjild net ferpleatst

20 apr 2007 - 10:50

De fuotbalfjilden yn Frjentsjer bliuwe oan de Hertog van Saxenleane. Dat waard dúdlik yn de kommisjefergadering fan de gemeente. Ut ûndersyk docht bliken dat op dy lokaasje genôch romte is foar fiif fuotbalfjilden en klaaikeamers. Der komt ek parkearromte frij troch sloop fan de âlde sporthal.

It bestjoer fan Sportklub Frjentsjer is lilk oer it beslút fan de ried dat der gjin nije sportfjilden oanlein wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)