Fuotbalfjild foar slachtoffers

06 nov 2012 - 16:24
  • Fier Fryslân

Slachtoffers fan loverboys, twongen prostitúsje of mishanneling krije har eigen fuotbalfjild. It is in Cruyff Court en it wurdt achter it gebou de Veilige Feste yn Ljouwert oanlein. It idee foar it fjild is betocht troch Fier Fryslân, de organisaasje achter de opfang fan slachtoffers. De Cruyff Foundation stimde foarich jier mei it plan yn. It wurdt in multyfunksjoneel fjild, neist fuotbalje kinne de froulju der ek tennisje, badmintonne en basketbalje.

De oanlis fan it fjild is krekt begûn en sil seis wike duorje. It wurdt realisearre troch Fier Fryslân, de Cruyff Foundation en plysje Ljouwert. Op 12 desimber wurdt it Cruyff Court offisjeel iepene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)