'Fuotbalfans achter it stek'

13 mrt 2009 - 15:00

It KNVB sil hurd optrede tsjin fuotbalklups dy't talitte dat supporters oan it fjild steane tidens wedstriden fan it earste alvetal. Se moatte efter de boarding bliuwe.

Dat is in nije regel fan it KNVB. Tritich kontroleurs sille der op tasjen. As klups yn oertreding binne folget in boete. De regel jildt allinnich foar it earste team. Alders fan pupillen meie wol oan it fjild stean. De regel is foar de feiligens fan skiedsrjochters en taskôgers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)